Hûneskoalle yn Gaasterlân

27 jan 2014 - 14:12
  • Bosk

Steatsboskbehear wol yn Gaasterlân baaskes fan hûnen helpe om de hûn better ûnder kontrôle te hâlden. In hûneskoalle is nedich, omdat lang net eltsenien de hûn ûnder appèl hâlde kin. Dat jildt ek foar it gebiet dêr't hûnen losrinne meie. Oare besikers fan de bosk fine it lang net altiten leuk as in hûn op harren ôf draaft en foar it wyld kinne de gefolgen noch folle grutter wêze.

It is ek foar de hûnebesitter sels in stik nofliker kuierjen as de hûn goed ûnder kontrôle is. De kursus wurdt jûn troch in profesjonele jachthûne-oplieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)