Man ferwûne op Ofslútdyk

27 jan 2014 - 11:53

By it ûngelok op de Ofslútdyk is moandei in automobilist (54) út Enkhuzen ferwûne rekke. De man hie te let yn de gaten dat syn foargonger stadiger ried. In
botsing wie it gefolch. Hy sloech dêrnei in pear kear oer de kop en bedarre lang om let tsjin de fangrail. Beide bestjoerders hiene lêst fan de nekke. De man út Enkhuzen is nei it sikehûs brocht, de oare bestjoerder koe op it plak sels behannele wurde.

Der ûntstie in file fan sa'n 15 kilometer en yn dy file botsten noch in pear auto's op elkoar. Dêrby rekke net ien ferwûne.

De Ofslútdyk hat tusken acht oere en healwei alven yn de rjochting fan Fryslân ôfsletten west, it ferkear waard by Den Oever keard en omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)