Kollumersweach: ruten ynsmiten

27 jan 2014 - 09:58

De plysje hat sneintenacht in 27-jierrige man út Kollumersweach oanhâlden, omdat hy by ferskate huzen oan de Pieter Postmastrjitte de ruten ynsmiet. Tsjûgen seagen de aksje en warskôgen de plysje. It is noch net dúdlik wêrom't de man de ruten fernielde.

De man is oanhâlden en ynsletten foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)