Ferkear lang fêst op Ofslútdyk

27 jan 2014 - 07:53

It ferkear op de Ofslútdyk rjochting Fryslân stie moandeitemoarn oerenlang fêst. Der stiet fytjin kilometer file. By Breesândyk wie in oanriding en dêrtroch wie de hiele dyk blokkearre. De helptsjinsten wiene oanwêzich om de dyk sa gau mooglik wer frij te meitsjen. It ferkear waard by Den Oever opkeard en omlaat. De oarsaak fan de oanriding is net bekend, mar neffens de plysje falle de ferwûnings fan de bestjoerders ta.

De SAR-helikopter is wol útflein, mar ek wer weromroppen. Pas om healwei alven wie de Ofslútdyk wer frij.

Op de Wâldwei rjochting Ljouwert hat ek in ûngelok west, dêr moat it ferkear ek rekken hâlde mei fertraging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)