Parkeargaraazje stiet droech

27 jan 2014 - 06:44
  • De parkeargaraazje is sa'n acht meter djip
  • Keunstner Ton Aartsen wennet sa'n bytsje boppe-op de parkeargaraazje

De bouput fan de nije parkeargaraazje oan de Oasterstrjitte yn Ljouwert is leech. Lange tiid hat de bouput fol wetter stien. It wetter wie bedoeld as tsjindruk tsjin de damwanden dy't pleatst binne. Heal desimber binne der sa'n 400 frachten mei beton stoarten. Laskers binne noch hieltiid dwaande om de bouput ticht te meitsjen.

Der is aanst romte foar 250 auto's yn de garaazje. De kosten fan de bou binne 16 miljoen euro. De parkeargaraazje moat dit jier noch yn gebrûk nommen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)