Wenningbrân yn Drachten

© Marc Stijger, Kappers Media
Yn in wenning oan de Tipelkamp yn Drachten hat sneintejûn brân west yn in sliepkeamer. De brânwacht waard om 20 minuten oer achten warskôge. Troch de snie en glêdens koe dy lykwols mar stadich ride. De skea oan it hûs bleaun úteinlik beheind. Wol waarden de bewenners troch ambulânsepersoniel ûndersocht.
In smeulend matras en wat bêdeguod waarden troch de brânwacht út de sliepkeamer helle.