Flyers winne ek fan Dordrecht

26 jan 2014 - 18:20

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe snein mei 5-4 wûn fan Dordrecht. Op eigen iis sette Tony Demelinne de Feansters yn de earste helte mei twa treffers op in 2-0 foarsprong. Yn de twadde perioade begûn Dordrecht sterk en kaam op likense hichte. Nicky de Jong en Kevin Bruijsten soargen foar de 4-2, wêrnei't Dordrecht de 4-3 makke.

Yn de tredde perioade op 'e nij folop kânsen foar de Flyers, mar de lykmakker foel oan de oare kant. Yn in spannende slotfaze skoarde Kevin Bruijsten de fyfde en dêrmei winnende treffer foar de Flyers.

It is de twadde oerwinning dit wykein foar de UNIS Flyers, dy't freed al mei 8-2 te sterk wienen foar it Belgyske Herentals. De "teddybear-toss", de ynsammelaksje foar it projekt "Save
the Children" smiet úteinlik krapoan 4300 knuffels op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)