SCO ferliest fan AWDTV

26 jan 2014 - 17:29

De kuorballers fan SCO hawwe snein mei 32-18 ferlern fan AWDTV. Yn eigen hal koenen de kuorballers fan Hillebrand Diever de earste helte noch knap meikomme. By rêst stie in 13-13 tuskenstân op it boerd.

Nei it skoft wie it krûd by de Aldeholtpeasters damp en kaam de doelpuntmasine fan de Amsterdammers op stoom. Fan 14-17 rûn AWDTV ienfâldich út nei 14-22. Dêrnei waard it in wiere 'walk over' foar de Amsterdammers.

Troch it ferlies bliuwt SCO stykjen op 7 punten út 10 wedstriden, goed foar it 6e plak. AWDTV is troch de oerwinning de nije koprinner yn de haadklasse B.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)