Ogbeche ûnder yndruk fan sfear

Bartholomew Ogbeche, de nije oanwinst by SC Cambuur, wie nei de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean djip ûnder de yndruk fan de sfear by de Ljouwerters. De Nigeriaan spile earder foar Paris Saint-Germain en Middlesbrough en is dus wol wat wend. Dochs wie er ymponearre troch de sfear yn it Cambuurstadion. Neffens de spits sil it lêstich wêze foar oare ploegen om noch punten te pakken yn Ljouwert, mei sa'n sterke supportersstipe.
Yn syn debút tekene Ogbeche foar de 2-0. In goed begjin, mar hy wol graach mear treffers foar Cambuur meitsje.
Op de wedstriiddei waard bekend dat Ogbeche yn de basis begjinne soe. De spits sels wie net ferrast en joech by de trainer oan dat er der klear foar wie. Al it hurde wurk resultearre yn de 3-1 winst foar Cambuur.