Soad oanfragen Tegeltsjebrêge

Byldzjend keunstners Marée Blok en Bas Lugthart krije noch altyd in soad reaksjes fan Alvestêdetochtriders dy't graach mei de foto op de Alvestêdebrêge by Gytsjerk wolle. Dat seit Lugthart nei oanlieding fan de replika fan de brêge dy't boud is op de tydlike keunstiisbaan yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Lugthart en Blok hawwe spesjaal dêrfoar in oanpast ûntwerp makke.
Op de echte Alvestêdebrêge is noch altyd plak foar in pear tûzen tegeltsjes. De keunstners nimme oanfragen pas yn behanneling as der in nije Alvestêdetocht komt.