Crone tefreden oer wedstriid

26 jan 2014 - 15:39

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is tefreden oer it ferrin fan de Fryske twastriid, snein yn Ljouwert. Op wat ôfstekken fan fjoerwurk en it sneuveljen fan ien rút nei is de wedstriid goed ferrûn, seit Crone. De dieder fan de rútfernielerij stiet op kamera. De plysje sil it ynsidint fierder ûndersykje.

By de wedstriid waarden mei-inoar goed 180 plysjeminsken ynset. Dat is minder as by de earste wedstriid op It Hearrenfean. Dat komt benammen trochdat der mar 400 supporters fan Hearrenfean yn it útfak fan it Cambuurstadion passe.

De earste wedstriid op It Hearrenfean op 29 septimber waard mei 2-1 wûn troch SC Hearrenfean. Doe wienen trijehûndert plysjeminsken yn aksje om de boel yn goede banen te lieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)