Lodeweges bliid mei oerwinning

Cambuurtrainer Dwight Lodeweges wie nei ôfrin fan de 3-1 winst op SC Hearrenfean tige te sprekken oer it spul fan syn ploech. "We hebben zeer volwassen gespeeld", fûn de trainer. Op de dei fan de wedstriid waard bekend dat de nije oanwinst Bartholomew Ogbeche yn de basis stean soe. Oan dat beslút hie de trainer gjin inkelde twifel, sa liet er witte. "Hij heeft zich de afgelopen week goed laten zien en dat vandaag nogmaals bewezen."
Lodeweges seit dat er geweldich genoaten hat fan de sfear en de supporters by de Fryske twastriid.