H'fean sûnder Assaidi en Zomer

10 feb 2012 - 13:01

Sportklup Hearrenfean moat it snein yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk dwaan sûnder Oussama Assaidi en Ramon Zomer. Assaidi is dizze wike weromkaam fan de Afrika Cup, mar hat noch in blessuere oan syn achillespees. Ramon Zomer hat him dizze wike foar it earst wer op de klup melden. It wie syn earste dei sûnder pineholle. Oerdel wike lyn botste Zomer mei Vitesse-spits Pedersen en waard hy opnaam yn it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)