Teloarstelling by Hearrenfean

Grutte teloarstelling by de spilers fan SC Hearrenfean nei it 3-1 ferlies snein yn de Fryske twastriid tsjin SC Cambuur. Neffens Marten de Roon binne de Feansters ôftroefd op ynset en mentaliteit. Fan minút ien ôf wie Cambuur de boppelizzende partij en rûn de ploech fan trainer Marco van Basten efter de feiten oan. 'Juist in deze wedstrijd wordt er iets extra's van ons verwacht en dat hebben we nagelaten', liet De Roon witte.
Spiler Mitchell Dijks wie ek teloarsteld oer de prestaasje. De skerpte ûntbruts by syn ploech, wie syn konklúzje.