Stellerij fan stoart

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat sneon yn Frjentsjer in 55-jierrige man út Ljouwert en in 54-jierrige stedsgenoate oanhâlden. In tsjûge hie sjoen dat se guod meinamen fan it stoart en de plysje warskôge. De Ljouwerters koene net fuortkomme, want harren auto bleau yn de modder stykjen.
De plysje hat it twatal oppakt en it stellen guod yn beslach naam. De auto fan de Ljouwerters is ek yn beslach naam. De fertochten binne meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.