Ungelokken troch glêdens

26 jan 2014 - 11:09
  • Auto wurdt ôffierd op de Wâldwei
  • Auto wurdt ôffierd op de Wâldwei
  • Struiwein

Yn it easten en noardeasten fan de provinsje hawwe oant no in lyts fyftjin ûngelokken west troch de glêdens. Op de Wâldwei tusken Drachten en Nijegea glieden seis auto's de berm yn. Ien kaam op de kop yn de sleat telâne. Der is gjinien ferwûne rekke. Fan de A7 en út Holwert komme ek meldings fan ûngelokken troch glêdens.

Provinsjale Wettersteat is drok oan it struien. Sy hawwe mjitpunten rûnom yn de provinsje.

Neffens ôfdielingshaad Albert Stuulen fan Provinsjale Wettersteat is it dúdlik dat de temperatuer benammen yn it easten en noardeasten ûnder nul leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)