Feanfans mei bussen ôfset

De 400 supporters fan Sportklup Hearrenfean binne om healwei alven hinne mei njoggen bussen ôfset nei Ljouwert foar de wedstriid tsjin Cambuur. De bussen wurde begelaat troch de mobile ienheid. Foarôf wie by it Abe Lenstrastadion noch in sfearaksje. Dêrby waard ûnder oare fjoerwurk ôfstutsen.
It is snein foar it earst yn fjirtjin jier dat Cambuur it yn it eigen stadion yn in kompetysjewedstriid opnimt tsjin SC Hearrenfean. De 10-tûzen kaarten foar de wedstriid wiene yn 8 minuten útferkocht. Omrop Fryslân docht fan 12 oere ôf live ferslach.