Lurling moandei nei H'fean

25 jan 2014 - 23:28

Anthony Lurling komt moandei nei Sportklup Hearrenfean yn de hoop in kontrakt te tekenjen. Dat sei hy sneontejûn foar de kamera fan de NOS nei de wedstriid fan syn klup NAC Breda. Lurling seit dat er noch wat lytse dingen besprutsen wurde moatte, mar dat hy hopet oan de ein fan de dei in kontrakt te tekenjen. Lurling sil moandei ek noch in medyske keuring trochstean.

Lurling spile fan 1999 oant en mei 2002 ek al by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)