Harkiten ferjitte te winnen

Harkemase Boys is der sneon net yn slagge te winnen fan Staphorst. Op sportpark De Bosk einige de wedstriid yn in 1-1 lykspul. Heine Uuldriks sette de Harkiten al binnen 10 minuten op foarsprong. Lang koe it publyk lykwols net fan de foarsprong genietsje, want in minút letter makke Staphorst fan 11 meter ôf de lykmakker.
Nei rêst krige Klaas Schotanus de bêste kâns op de 2-1, mar syn skot fan tichtby gong oer de goal. Harkemase Boys einige de wedstriid mei 10 man nei read foar Johnsen Bacuna yn de lêste minút.
De ploech fan trainer Willem Brouwer komt troch it lykspul út op 31 punten út 15 wedstriden. Harkemase Boys bliuwt twadde yn de haadklasse C. Koprinner ACV wûn mei 3-0 fan Berkum en giet mei 36 punten oan de lieding.