Zielman wint op Weissensee

25 jan 2014 - 15:29

Maratonrydster Carla Zielman fan Rottum hat sneon op de Weissensee yn Eastenryk de Grand Prix wedstriid oer 80 kilometer wûn. Yn de sprint wist Zielman Mariska Huisman en Sharon Hendriks achter har te hâlden.

By de manlju gong de winst by it iepen NK Master sneontemoarn nei Tonny van Vliet út Zeewolde. Hy wie Sjoerd Brandt út Monnickesyl te rap ôf yn de lêste meters. Letter op de middei kamen de manlju nochris yn aksje. Nei 100 kilometer gong de winst nei Gary Hekman, dy't rapper wie as Jouke Hoogeveen en Frank Vreugdenhil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)