Sikehûs klear op ridersûngemak

© Omrop Fryslân
It Antonius Sikehûs yn Snits set dit wykein ekstra minsken yn. Nei alle gedachten sille in soad minsken te riden. By de earste help riede se har ta op in soad brutsen polzen en oare ridersûngemakken. Mei in spesjale shorttrack-yndieling fan de earste help hoopje se de wachttiid sa koart mooglik te hâlden. In koek-en-zopietinte hâldt de sfear der noch wat yn.