Alvestêdebrêge yn Amsterdam

25 jan 2014 - 13:49

It Olympysk Stadion yn Amsterdam krijt in kopy fan de Alvestêdebrêge by Gytsjerk. Yn it stadion leit fan 1 febrewaris ôf in moanne lang in iisbaan dêr't ek it NK sprint en NK allround riden wurde. De brêge yn Amsterdam wurdt grutter as it orizjineel: goed 20 meter breed en 6 meter heech.

Keunstners Marée Blok en Bas Lugthart meitsje de brêge. Sy hawwe de ôfrûne tiid in hiel soad foto's makke fan de brêge by Gytsjerk om dy sa krekt mooglik kopiearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)