Dieven trappearre yn Dokkum

Ynbraak © ANP XTRA
In ynwenner fan Dokkum hat sneontemoarn twa ynbrekkers trappearre. Der ûntstie in wrakseling en de ynbrekkers naaiden út. De auto is op basis fan it kenteken letter yn it Grinslanner Sebaldeburen steande holden. De twa ynsittenden, in Grinzer fan 32 en in Mearumer fan 24, binne oppakt.
Der sieten ek noch twa froulju yn de auto. Ien fan harren, in frou (24) út Grins, stie sinjalearre om't se yn oktober wat stellen hie by in tankstasjon yn Midwolda. Ek sy is oppakt.