Dokumintêre oer David Raab

25 jan 2014 - 11:43

Twa learlingen fan it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert hawwe in dokumintêre makke oer David Raab. Ferline jier kaam David ûnferwachts om it libben troch in hertstoarnis. Hy wie op dat stuit oan it swimmen yn de Grutte Wielen. It ferstjerren fan David makket grutte yndruk op syn freonen en klasgenoaten.

Kommende tiisdei wurdt de film foar de klasgenoaten presintearre. Se kinne der dan ek mei-inoar oer trochprate. Els Raab-Klop, de mem fan David, seit ûnder de yndruk te wêzen fan de dokumintêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)