Ynbraken ûnder útfeart
Op It Hearrenfean, yn Gytsjerk en it Grinzer Loppersum hawwe freed ynbraken west wylst dat de bewenners nei in útfeart wienen. De ynbrekkers hawwe de adressen fan de slachtoffers út de rouadvertinsjes helle.
De plysje advisearret minsken fan wa't it adres yn in rouadvertinsje stiet, om buertbewenners te freegjen ekstra op te letten.