Froulju It Fean oppermachtich

In fuotbal
De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean ha de thúswedstriid tsjin Royal Antwerp FC mei 9-0 wûn. Antwerp, de nûmer lêst fan de BeNe league, hie op Sportpark Skoatterwâld net folle yn te bringen. By it skoft stie der al 4-0 op it boerd troch trije goals fan Vivianne Miedema en ien fan Maruschka Waldus.
Ek yn de twadde helte wie it ienrjochtingsferkear. Vivianne Miedema (2), Sisca Folkertsma (2) en Maruschka Waldus wiene doe de doelpuntemakkers.