Nije behanneling bloeddruk MCL

24 jan 2014 - 21:25

Tsientallen Friezen mei in te hege bloeddruk kinne yn it MCL-sikehûs yn Ljouwert holpen wurde troch in nije behanneling. Sa'n 30 prosint fan de Nederlanners hat in te hege bloeddruk en de measten fan har kinne gewoan mei medisinen holpen wurde. Der is allinnich ek in grutte groep dy't nettsjinsteande de pillen dochs noch in te hege bloeddruk hat.

By de nije behannelmetoade wurde de senuwen by de nieren stillein. Dat wurdt dien troch in kateder dêr't in stroomskokje trochhinne stjoerd wurdt.

De nije behanneling tsjin in te hege bloeddruk makket ûnderdiel út fan in grut ûndersyk dêr't ferskate sikehuzen oan meidogge. Letter wurdt besjoen oft de behanneling ek echt ynfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)