Mariatsjerke Oentsjerk ticht

De Mariatsjerke yn Oentsjerk is troch de gemeente Tytsjerksteradiel sletten. By de gemeente wie in melding binnenkaam dat der yn de tsjerke asbest frijkaam wie. De gemeente lit no in ferfolchûndersyk ynstelle. Wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel tinkt dat it ûndersyk en de sanearring binnen twa wiken klear is.
De Protestantse Gemeente Trynwâlden organisearret geregeld tsjinsten yn de Mariatsjerke. De leden binne op 'e hichte brocht fan de tydlike sluting.