Aksjes driigje by Essentra

Der driigje aksjes by keunststoffabrikant Essentra Extrusion yn Bûtenpost. Dat is it eardere Enitor. De direksje en it personiel ha in skeel oer leansferheging. It personiel freget 3 persint ferheging, de direksje wol net fierder gean as 1,8. Ek wol de direksje de âldereindagen ôfskaffe. Unakseptabel, sa sizze de bûnen.
Direkteur Schootstra fynt de 1,8 persint lykwols in goed bod. Neffens him is dat mear as yn de rest fan it lân bean wurdt. Hy seit drok dwaande te wêzen mei útwreidingsplannen, dat ekstra wurkgelegenheid opsmite sil.
Krekt dêr soe it bûn ek each foar ha moatte, sa seit direkteur Schootstra fan Essentra Extrusion.