Fertochte stekpartij noch fêst

24 jan 2014 - 14:39

De 45-jierrige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan de deadlike stekpartij yn de Curacoastrjitte yn Ljouwert bliuwt nochris 30 dagen langer fêstsitten. It Iepenbier Ministearje hat mear tiid nedich foar it ûndersyk.

De man wurdt derfan fertocht healwei jannewaris in 46-jierrige Ljouwerter deastutsen te hawwen. It Iepenbier Ministearje beskuldiget him primêr fan moard en sekundêr fan deaslach. De advokaat fan de fertochte, Richard de Casseres, wol frijspraak. Neffens him waard de fertochte op strjitte oanfallen troch it lettere slachtoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)