Mear auto's stellen yn 2013

Der binne yn 2013 mear auto's stellen yn Fryslân as it jier derfoar. Dat seit de Stichting Aanpak Voertuigcriminaliteit. Yn 2012 waarden 400 autostellerijen notearre. Yn 2013 wiene dat der 420. It byld yn Fryslân komt dêrmei oerien mei it lanlike byld.
Neffens de stichting binne it benammen nije auto's dy't stellen wurde. De autodieven wurde boppedat hieltyd profesjoneler. De stichting advisearret autokeapers dêrom in ekstra systeem tsjin stellerij yn har auto ynbouwe te litten.