Thialf wol rappe rjochtsaak

24 jan 2014 - 12:44

Thialf besiket de rjochtsaak oer de beswieren dy't yntsjinne binne tsjin de bou fan it iisstadion troch Ballast Nedam nei foarren ta helje. De saak stiet no foar 6 maart op de rol, mar Thialf wol koste wat kost sa gau as mooglik mei de nijbou begjinne.

Direkteur Eelco Derks is optimistysk oer de útslach fan de rjochtsaak. Neffens him hat de beoardielingskommisje mei de kar fan Ballast Nedam de goede kar makke. Alle oare bouwers wisten boppedat yn 't foar wat de seleksjekritearia wiene.

De ôfrûne dagen waard bekend dat trije kombinaasjes fan Fryske boubedriuwen, dy't de opdracht foar de bou net krigen hawwe, beswier makke hawwe tsjin de gunning oan Ballast Nedam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)