Drachtster (18) stelt lesauto

© ANP
In 18-jierrige Drachtster is tongersdei yn Rotterdam nei in efterfolging oppakt om't hy in lesauto stellen hie. De fertochte bedrige de 33-jierrige rydynstrukteur mei in mes en naaide út mei de auto. Plysjeminsken seagen de stellen auto letter riden en setten de efterfolging yn. De stellen lesauto waard twa kear ramd en koe úteinlik klemriden wurde.
De Drachtster autodief is arrestearre. Dêrby brûkte de plysje pepperspray.