Iris Kroes frijheidambassadeur

Sjongeres Iris Kroes is dit jier de Fryske Ambassadeur fan de frijheid. Dat hat de organisaasje fan it Befrijingsfestival Fryslân bekend makke. Dy kiest alle jierren njonken de lanlike ambassadeurs ek noch in Fryske artyst dy't it úthingboerd fan it festival wurdt.
Iris Kroes sil op 4 maaie op de betinking yn Ljouwert sjonge en stiet op 5 maaie om fiif minuten foar fiven op it haadpoadium mei de lanlike betinking fan de frijheid.