Cambuur wol rêst bewarje

24 jan 2014 - 11:22

SC Cambuur ropt har sponsoren op om gasten dy't se meinimme nei de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean kommende snein der op te attindearjen om safolle mooglik neutrale klean oan te dwaan. It giet dan benammen om sponsorgasten út It Hearrenfean of út de omkriten fan it Feanster plak. Mei dizze warskôging hopet de fuotbalklup de rêst te bewarjen yn it stadion.

De Fryske twastriid tusken Cambuur en Hearrenfean is hielendal útferkocht. Der komme 400 Hearrenfean-supporters nei Ljouwert ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)