Taskforce troch mei trochstart

10 feb 2012 - 11:35

De taskforce dy't him dwaande hâldt mei in mooglike trochstart fan de Fryske Stoomtrein Maatskippij giet gewoan troch. Dat siet foarsitter Otto Visser. Hy is bot teloarsteld dat de provinsje en de gemeente Sudwest-Fryslân gjin jild stekke wolle yn de trochstart, mar jout oan ek nea om dat jild frege te hawwen. De taskforce is drok dwaande sels de 2,7 miljoen euro dy't nedich binne by elkoar te bringen. Boppedat wolle se noch in merkûndersyk dwaan.

Om dat foar elkoar te krijen wolle se de kurator freegje noch twa moannen te wachtsjen mei it ôfwikkeljen fan it fallisemint en it ferkeapjen fan de ynboel fan de Stoomtrein Maatskippij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)