Ferwûne by brân Frjentsjer

© ANP
By in brân yn in wenhûs oan de Professor Wassenberghstrjitte yn Frjentsjer is tongersdeitejûn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is troch de brânwacht út it baarnende hûs helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De brânwacht fan Frjentsjer, dy't op tongersdeijûn altyd oefenet, hie it fjoer op de ûnderste ferdjipping fan de wente gau út. It hûs hat grutte skea oprûn.