Fierstente hurd op Ofslútdyk

De Ofslútdyk © ANP
By snelheidskontrôles op de Ofslútdyk hat de plysje tongersdei fan twa autobestjoerders it rydbewiis ôfpakt. Beide bestjoerders rieden fierstente hurd by Koarnwertersân. De ien ried 135 kilometer dêr't 70 tastien is, en de oare ried op itselde plak 124. Ek op oare plakken lâns de A7 hat de plysje oan it kontrolearjen west. Yn totaal waarden 28 bestjoerders op de bon slingere foar te hurd riden.