Wurdt Wybren Jonge Amtner '14?

23 jan 2014 - 17:11

In spannende dei foar Wybren Jorritsma fan Wommels. Wurdt hy tongersdeitejûn de Jonge Amtner fan it Jier? Jorritsma wurket by de provinsje Fryslân en is de iennichste Fryske finalist. Hy moat it tsjin trije oare kandidaten opnimme. Sûnt septimber 2012 is hy trainee by de provinsje. In populêre posysje dêr't 500 minsken op sollisitearren, mar Wybren waard der útpikt.

En no moat hy dus opnij opfalle by de Jonge Amtner fan it Jier-ferkiezing. Herman Groenwold, dy't him opjoech foar de wedstryd, hat der wol fertrouwen yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)