Snie-ûlen komme út Kanada

De komst fan twa snie-ûlen nei Flylân en Skylge is al tige bysûnder; mar it ferhaal fan hoe't sy dêr kaam binne, is ek spesjaal. It liket der op dat ûlen út Kanada komme en dat se meilift hawwe op in grut kontainerskip ûnderweis nei Bremen. Fûgelleafhawwer Frans van der Esch wie oan board fan it skip en identifisearre de ferstekkelingen doe't sy nei min waar foar de kust fan Newfoundland oan board kamen.
It gie yn totaal om njoggen fûgels; twa mantsjes en sân wyfkes. It skip fear sa hurd dat sy net mear werom fleane koenen.
Van der Esch tinkt dat fiif snie-ûlen yn Europa fan board gien binne; de lêste twa yn Nederlân.