Neat mis mei beammekap Wommels

De rigoereuze wize wêrop't ferline wike sa'n 100 beammen kapt binne yn Wommels hat ek it gemeentebestjoer fan Littenseradiel ferrast. Mar wetlik wie der neat op tsjin. Dat seit wethâlder Klaas de Boer fan Littenseradiel. Omwenjenden fan it gebiet reagearren fernuvere en teloarsteld op it romjen fan de beammen troch in ûndernimmer út it doarp. Se wisten fan neat. De gemeente hat it stik grûn mei de beammen koartlyn oan in ûndernimmer ferkocht.
It krijt mooglik in rekreative bestimming. Mar dêroer is noch neat wis.
Neffens De Boer moat de gemeente learing lûke út it foarfal.