Eilannen tsjin wynmûnepark

23 jan 2014 - 15:42
  • Wynmûne

De Waadeilannen binne tsjin de oanlis fan in grut wynmûnepark boppe It Amelân en Skiermûntseach. Se hawwe dêroer in brief skreaun oan minister Kamp fan Ekonomyske Saken. It park mei tsientallen wynmûnen soe op sa'n 6 kilometer fan de eilannen komme moatte. Neffens de eilannen soe dat grutte gefolgen hawwe foar de ekonomy en de natuer. Sa soe it toerisme op ûnder oare It Amelân mei sa'n 20 persint ôfnimme, sa docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk.

Ek de NAM en ûndernimmers út it gebiet hawwe al oanjûn tsjin de oanlis fan it wynpark te wêzen, mar de waadeilannen binne der noch altyd net gerêst op. Dêrom hawwe se no ek sels in brief oan de minister skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)