Noch in beswier tsjin Thialf

23 jan 2014 - 15:03

Ek it boubedriuw Volker Wessels hat beswier makke tsjin de gunning fan de ferbou fan Thialf oan Ballast Nedam. Volker Wessels, mei in haadkantoar yn Amersfoort, seit dat syn plan it bêste is. Dat plan soe ferkeard beoardield wêze.

Volker Wessels wiist fierder op it feit dat it wurk oan Thialf útfierd wurde soe mei help fan har eigen Fryske wurkmaatskippij en mei lokale oannimmers. Der soe dan ek in nije beoardieling fan de plannen komme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)