Help om help te sykjen

Minsken moatte folle faker in berop dwaan op inoar en minder op de oerheid, fine de politisy. Mar yn de praktyk blykt dat minsken inoar net lestich falle wolle. Om dit te feroarjen sette de gemeenten fan NE-Fryslân tongersdei útein mei de aksje 'Durf te vragen'. Minsken wurde oproppen om wol om help te freegjen as se eefkes net boadskipje kinne, nei it sikehûs ta moatte en mear fan dit soart saken.
Neffens wethâlder Paul Maasbommel fan Kollumerlân binne der genôch minsken dy't helpe wolle, mar se witte net dat der help nedich is.