Hartsuiker earelid GB

Age Hartsuiker © GemeenteBelangen Heerenveen
Age Hartsuiker is beneamd ta earelid fan GemeenteBelangen Hearrenfean. Hartsuiker wie wethâlder yn Hearrenfean, mar naam ûntslach neidat boargemaster Van der Zwan him frege hie dat te dwaan. Dat wie neidat Hartsuiker ynterne ynformaasje út it kolleezje trochspile nei in oar riedslid fan GemeenteBelangen en dy ynformaasje yn de krante kaam.
GB Hearrenfean fynt dat Hartsuiker in soad betsjutten hat foar de partij en hat him dêrom it earelidmaatskip jûn.