'Helje dak fan dongsilo ôf'

23 jan 2014 - 12:30

Melkfeehâldersfakbûn NMV fynt dat it dak fan de dongsilo ôf moat. Dat is feiliger foar de minsken dy't dermei wurkje moatte en net skealiker foar it miljeu. Ek lanbouorganisaasje LTO stelt fraachtekens by de feiligens fan de ôfdekking. Beide organisaasjes rinne mei harren stânpunt foarút op in ûndersyksrapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid

Dy siket út hoe't de feiligens fan dongsilo's ferbettere wurde kin. Oanlieding foar dat ûndersyk is de dea fan trije manlju by it skjinmeitsjen fan in dongsilo yn Makkingea ferline jier juny

De eigener fan dy silo die al earder in oprop om it dak dêr of te litten. It rapport fan de ûndersyksrie ferskynt mids febrewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)