Earste winkel Raadhuisplein

23 jan 2014 - 12:12

Oan it fernijde Raadhuisplein yn it sintrum fan Drachten wurdt tongersdei de earste winkel iepene. It giet om de winkel CIGO de Boer fan Jan en Wia de Boer. Se ferkeapje ûnder oaren tabaksguod, winskkaarten en kado-artikels. Jan de Boer wie fan it earste momint yn 1998 ôf belutsen by de bouplannen. Hy is bliid dat de nije winkel nei sechtjin jier no in feit is.

Nei ferwachting sil de echte drokte pas fan ein april ôf komme, omdat dan ek supermerk Albert Heijn en kleanwinkel De Sting iepenje.

Trefwurden: 
Drachten winkel Raadhuisplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)