Sfearaksjes by Cambuur

De lêste training fan Cambuur foar it Fryske duel © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De supportersferiening fan SC Cambuur hopet dat de derby tsjin SC Hearrenfean takom snein yn goeie sfear ferrint. Om der in feestje fan te meitsjen is der fan alles te belibjen yn it stadion. Sa binne der reekmasjines en sil oeral konfetty oer de tribunes fleane, sa lit de foarsitter fan de Kern van Cambuur witte. Ek wurdt der in grut spandoek ophongen fan 50 by 6 meter. Om de wedstriid yn goeie banen te lieden sil de plysje ekstra minsken ynsette. Oft dat der likefolle binne as by Hearrrenfean-Cambuur yn septimber, is noch net dúdlik.