Himpkwekerij Sint Jabik fûn

Himp © ANP
De plysje hat seis minsken oanhâlden by it ûntmanteljen fan in hennepkwekerij yn Sint Jabik. It giet om trije minsken út Sint Jabik en trije út Ljouwert. De plysje kaam de kwekerij oan de K.L. de Vriesstrjitte op it spoar fia eigen ûndersyk en anonime tips. Yn de kwekerij fûn de plysje fjouwer froulju dy't dêr oan it wurk wiene.
Yn it gebou wiene 350 planten. De stroom waard yllegaal ôftape. De seis fertochten binne nei it plysjeburo brocht.