Cambuur giet definityf troch

10 feb 2012 - 09:46

De wedstryd Almere City-Cambuur fan freedtejûn giet definityf troch. De KNVB hat it keunstgersfjild freedtemoarn goedkard.

Almere-Cambuur is tegearre mei Zwolle-Go Ahead Eagles (snein) de iennige wedstryd dy't dit wykein yn de Jupiler League spile wurdt. Cambuur trainer Alfons Arts is dêr net bliid mei. Neffens him hie de KNVB better it hiele programma derút smite kinnen. De wedstryd is freedtejûn rjochtstreeks te hearren op Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)